SC Hearrenfean mei 5-2 ûnderút tsjin Feyenoord

18 okt 2015 - 16:20

SC Hearrenfean gong snein mei 5-2 ûnderút tsjin Feyenoord. Yn it Abe Lenstrastadion sette Dirk Kuijt al nei 7 minuten de iepeningstreffer op it boerd. Michiel Kramer makke rap dêrnei de 0-2. Dêrnei krige Feyenoord de smaak te pakken. Treffers fan Gustafson en twa kear Kuijt soargen foar in 0-5 rêststân.

Henk Veerman makke de stân mei twa treffers yn de 60e en 81e minút krekt wat draachliker. Fierder kamen de Feansters lykwols net. Ek by Feyenoord wie it krûd damp en bleau de doelpuntemasine op fiif stykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)