SC Hearrenfean lûkt de Deen Younes Namli oan

02 jan 2015 - 12:08
  • Younes Namli

SC Hearrenfean hat in nije spiler oanlutsen. It giet om de Deen Younes Namli (20). Hy komt oer fan it Deenske Akademisk Boldklub, dat yn de twadde klasse spilet. Namli is in middenfjilder dy't ek as fleugeloanfaller út de fuotten kin. Mei de komst fan Namli is de transfer fan Ahmedi fan de baan.

SC Hearrenfean woe dy spiler hiere fan it Sloveenske Celje, mar se kamen der net út. Freed hat de fuotbalklup ek de Sweed Simon Thern presintearre. Earder waard al bekend dat dy oerkomt fan Malmö. Hy tekenet in kontrakt foar trije en in heal jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)