SC Hearrenfean lottet RBC

24 sep 2009 - 23:45

De Sportklup Hearrenfean spilet yn de tredde ronde fan it KNVB-bekertoernoai in thúswedstriid tsjin RBC Roosendaal. Dat wie de útkomst fan de lotting fan tongersdeitejûn nei ôfrin fan de wedstriid AGOVV-Ajax.

SC Hearrenfean wûn yn de twadde ronde mei 7-0 by SDC Putten. Earstedivisionist RBC Roosendaal wûn mei 5-1 by sneonshaadklasser LRC Leerdam. De wedstriden foar de tredde ronde - de lêste 32 klups - wurde spile op 27, 28 en 29 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)