SC Hearrenfean lottet Molde

10 aug 2012 - 14:00

De Noarske kampioen Molde FK is de earstfolgjende tsjinstanner fan SC Hearrenfean yn de Europa League. Dat hat de lotting fan freed yn Nyon bepaald. De wedstriden wurde spile op tongersdei 23 augustus en tongersdei 30 augustus. Foarsafier no bekend spilet Hearrenfean op 23 augustus út yn Noarwegen. Op 30 augustus mei de klup yn it eigen Abe Lenstrastadion dien wurk meitsje.

Molde stiet op't stuit twadde yn de Noarske kompetysje. Oanfierder fan de ploech is Daniel Berg Hestad, dy't fan 2003 oant 2005 by Sportklub Hearrenfean spile.

Molde FK waard yn 2011 foar it earst yn de skiednis fan de klup kampioen fan Noarwegen. Molde waard yn de foarronde fan de Champions League útskeakele troch FC Basel en mei sadwaande no útkomme yn it Europa League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)