SC Hearrenfean liedt by skoft

19 okt 2014 - 13:22
  • SC Hearrenfean
  • It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean

SC Hearrenfean giet by it skoft yn de Fryske twastriid tsjin SC Cambuur mei 1-0 oan de lieding. Al nei ien minút stie de Feanster iepeningstreffer op it boerd. Cambuur ferlear de bal by de ôftraap wêrnei't Leonard Nienhuis nei 9 sekonden spyljen in oertreding makke op Mark Uth yn de 16 meter. Uth fersulvere de penalty en makke dêrmei de rapste penalty ea jûn yn de earedivyzje.

Cambuur kaam knap werom. Bartholomew Ogbeche wie nei 8 minuten tichtby de lykmakker. Daniël de Ridder krige ek in grutte kâns. Treffers bleaunen lykwols út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)