SC Hearrenfean leit derút

27 aug 2003 - 00:00

SC Hearrenfean is útskeakele foar Europeesk fuotbal. De ploech fan Foppe de Haan kaam tiisdei yn Spanje tsjin Villarreal net fierder as 0-0. De Friezen ferlearen twa wiken lyn thús mei 2-1. Dêrmei is dielname oan it UEFA-bekertoernoai oer.

Sûnder Denneboom en Sibon koenen de Friezen gjin tempo meitsje. It Spaanske Villarreal docht foar it earst yn tachtich jier mei oan it toernoai om de UEFA-beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)