SC Hearrenfean keeper Mulder mei fan Foppe net nei clinic

22 okt 2015 - 12:23
  • Keeper Erwin Mulder

Keeper Erwin Mulder fan SC Hearrenfean mei fan syn ynterim-trainer Foppe de Haan net meidwaan oan in keepersclinic yn Dokkum. Mulder moat fan Foppe traine, wylst yn it eardere skema Mulder frij wêze soe.

Goed 200 bern dogge mei oan de keepersclinic. Under lieding fan Arno van Zwam, keeperstrainer by ADO Den Haach en it Nederlânsk alvetal, traine de bern op de fjilden fan Be Quick. De beide keepers fan SC Cambuur, Leonard Nienhuis en Harm Zeinstra, en de keepster fan SC Hearrenfean, Nienke Olthof, binne der wol by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)