SC Hearrenfean hellet Sloveensk talint Palamar binnen

23 jul 2015 - 13:46

SC Hearrenfean hat de 16-jierrige Sloveenske middenfjilder Aleksander Palamar foar trije jier fêstlein. Hy sil opnaam wurde yn de B1 seleksje. Palamar is Sloveensk jeugdynternasjonal en komt fan NK Olimpija Ljubjana.

Neffens technysk manager Hans Vonk fan SC Hearrenfean is Aleksander Palamar in spiler mei in goeie linkerfoet, is hy sterk yn it duel en hat er in echte winnersmentaliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)