SC Hearrenfean hellet ferdigener

17 jul 2004 - 09:54

Fuotbalklup SC Hearrenfean hat op 'e nij in nije spiler kocht. It giet om Michel Breuer (24), dy't no noch foar Excelsior spilet. De ferdigener sil in trijejierrich kontrakt tekenje by de klub fan trener Gert Jan Verbeek.

Breuer wurdt moandei medysk keurd en sil him dêrnei melde by de seleksje fan SC Hearrenfean. Breuer waard it ôfrûne seizoen mei de oanfallers Yuri Rose en Klaas Jan Huntelaar nomineard as bêste spiler fan 'e earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)