SC Hearrenfean heale finalist

31 jan 2012 - 22:42

Sportklup Hearrenfean hat de heale finale om de KNVB-beker helle troch in 2-1 oerwinning op Vitesse yn Arnhem. Yn de net geweldige earste helte wie de ploech fan Ron Jans net minder, mar thúsklup Vitesse kaam krekt foar it skoft troch Stanley Aborah wol op foarsprong. Ramon Zomer wie doe al ûnderweis nei it sikehûs, neidat er betiid yn de wedstriid mei in blessuere oan de holle útfoel.

Yn de twadde helte setten de Feansters it spul ek om yn doelpunten. Viktor Elm yn de 67e en Bas Dost yn de 71e minút soargen foar de fertsjinne winst.

Hearrenfeanferdediger Ramon Zomer foel út mei in blessuere oan syn holle. Zomer kaam hurd yn botsing mei Pedersen fan Vitesse en stie te wankeljen op syn fuotten en spruts wartaal. Sa stelde hy meardere kearen deselde fraach. Zomer is fan 'e jûn foar observaasje yn it sikehûs bleaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)