SC Hearrenfean hat nije oanfaller: Zeneli út Sweden

10 nov 2015 - 19:50
  • Nije oanfaller Arber Zeneli fan SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat hege ferwachtings fan de nije oanfaller Arber Zeneli. De nije spiler is 20 jier âld en komt út Sweden. Nei de winterstop komt er by de Feansters te spyljen. Hy hat in kontrakt tekene fan trije en in heal jier. Zeneli komt oer fan it Sweedske IF Elfsborg. Dêr kaam er dit seizoen 30 kear yn aksje. Hy makke 10 doelpunten en wie goed foar 8 assists. Hy spilet ek yn it Sweedske nasjonale alvetal foar spilers ûnder de 21. Hearrenfean hie de Sweed al in skoftsje op 'e kuer.

Manager Hans Vonk is bliid mei syn komst. Hy neamt de jeugdynternasjonal tige talintfol, kreatyf, fluch, en technysk feardich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)