'SC Hearrenfean hat dy nedich'

15 feb 2013 - 12:10
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Yn in iepen brief op de site ropt direkteur Robert Veenstra de fans fan SC Hearrenfean op om krekt no as ien man achter de klup te stean. Ferdieldheid is net goed, sa skriuwt Veenstra.

Veenstra skriuwt ek dat hy iepen stiet foar advys en krityk en mei elts yn petear wol. Mar foar in ûndersyk nei de gong fan saken is gjin oanlieding, sa skriuwt Veenstra. De krityk op de klup is te faach om in ûndersyk te rjochtfeardigjen, sa fine direksje en ried fan kommissarissen. Ald-foarsitter Riemer van der Velde frege earder om sa'n ûndersyk.

Neffens direksje en ried fan kommissarissen is de klup finansjeel sûn en drok dwaande om te bouwen. Veenstra jout ta dat de sportive resultaten op dit stuit spitigernôch ôffalle. As alle belutsenen, ek de fans, mei-inoar yn goeie sfear de skouders ûnder SC Hearrenfean sette, sil de klup dêrfan profitearje, skriuwe direkteur Veenstra en Wino de Jong fan de ried fan kommissarissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)