SC Hearrenfean hâldt útferkeap

29 okt 2010 - 15:08
  • Michal Papadopulos

SC Hearrenfean set ferskate spilers yn 'e etalaazje om wer út de reade sifers te kommen. Sa meie ûnder oare Tarik Elyounoussi, Igor Djuric, Milan Kopic en Michal Papadopulos yn 'e winterstop omsjen nei in oare klup.

Tongersdei makke de klup bekend dat it ôfrûne boekjier ôfsletten is mei in ferlies fan 14,9 miljûn euro. Michal Papadopulos en Igor Djuric mochten fan 't simmer ek al fuort, mar doe wie der gjin inkelde belangstelling fan oare klups.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)