SC Hearrenfean ferhiert Pascal Huser oan MVV

19 jan 2015 - 19:43

Pascal Huser fan SC Hearrenfean makket it seizoen ôf by MVV út Maastricht. De ploech út de Jupiler League hiert de 19-jierrige oanfaller foar de twadde seizoenshelte.

Huser is jeugdinternational mar komt by SC Hearrenfean hast net oan spyljen ta. Yn 2012 waard de oanfaller Europeesk kampioen mei Oranje ûnder de 17 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)