SC Hearrenfean buorket foarút

29 apr 2014 - 14:39
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Sportklup Hearrenfean is neffens foarsitter Jelko van der Wiel it ôfrûne seizoen finansjeel in stik sûner wurden. Oan it begjin fan dit seizoen makke ynterim-foarsitter Gaston Sporre bekend dat der 100.000 euro per wike útjûn wurdt. Neffens Van der Wiel is dat gat op de begrutting de helte lytser wurden.

Takom jier wolle se wer operasjonele winst draaie. Hearrenfean hat moandei foar fjouwer minsken ûntslach oanfrege: Jelmar Helmhout (kommunikaasje), Jelly van der Bij (direksjesekretaresse), Rini ten Grotenhuis (feiligens) en Jaap Soet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)