SC Hearrenfean buorket bêst

25 jul 2006 - 16:00

Sportklub Hearrenfean hat it ôfrûne seizoen goed buorke. Dat die moandei bliken op de jierlikse parsedei. Der is trije miljoen euro winst makke. Ek is der is trije miljoen oerbleaun nei it oan- en ferkeapjen fan spilers.

Haadsponsor Univé bliuwt oant 2010. De sportklub set derop yn dat it stadion by alle thúswedstriden fol sit. De lieding fan Hearrenfean ferwachtet dat de klub heech einiget yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)