SC Hearrenfean bekert troch

28 sep 2006 - 20:57

Sportklub Hearrenfean is troch nei de twadde ronde yn it toernoai om de UEFA-beker. Yn it eigen Abe Lenstra stadion spile it mei 0-0 gelyk tsjin Vitória Setubal út Portugal. Twa wiken lyn wûn Hearrenfean de útwedstryd al mei 3-0.

Sc Hearrenfean hat him no pleatst foar de groepsfase. Dat betsjut dat de ploech fan trener Gert Jan Verbeek twa thúswedstriden en twa útwedstriden spilet. Tiisdei wurdt derfoar lotte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)