SC Hearrenfean - AZ: 3-3

18 aug 2002 - 00:00

Hearrenfean is it nije fuotbalseizoen begûn mei in gelykspul tsjin AZ. It wie sneontejûn in oantreklike wedstriid, dy't einige yn 3-3. De Friezen spilen in goede wedstriid mar lieten yn de ferdigening wat stekjes falle.

Romano Denneboom spile in wichtige rol troch twa treffers foar syn rekkening te nimmen. Venema skoarde ek nochris foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)