SC Cambuur-Zwolle opnij ôfsein

10 feb 2009 - 10:37
  • It Cambuurstadion bliuwt op ´e nij leech

De wedstriid tusken Sportklup_Cambuur en FC_Zwolle fan tiisdeitejûn giet wer net troch. It is al de tredde kear dat de wedstriid ôfsein wurdt fanwege it minne fjild. Earder stie de wedstriid pland op 30 jannewaris en op 3 febrewaris.

It fjild fan Cambuur wie op guon plakken noch beferzen. Dêr kaam de snie en rein fan de ôfrûne dagen noch oerhinne. Wannear´t de wedstriid no spile wurdt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)