SC Cambuur wol yn prinsipe fierder mei trainer Henk de Jong

11 jan 2016 - 12:38
  • Henk de Jong

Henk de Jong en Cambuur binne beide posityf oer in ferlinging fan it kontrakt fan de trainer. Ofrûne wike hawwe beide partijen om tafel sitten en doe die bliken dat der fan beide kanten de yntinsje is om meielkoar troch te gean. Mar sawol Cambuur as Henk de Jong wolle dêr no neat oer sizze. Se rjochtsje harren no wer op it fuotbal. Yn maart prate se fierder.

Cambuur begjint sneon oan de twadde kompetysjehelte mei in thúswedstriid tsjin Vitesse. De Ljouwerters hawwe ôfrûne wike op trainingskamp west yn Portugal en dat wie súksesfol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)