SC Cambuur wol plak Willem II

18 maaie 2010 - 09:08
  • Alex Pama (foto: Martin de Jong)

Cambuurdirekteur Alex Pama tinkt noch oan promoasje nei de earedivyzje. "Wy hoopje it net, mar as Willem II eventueel fallyt giet, dan hat Cambuur as nûmer twa fan de Jupiler League rjocht op promoasje", seit de algemien direkteur. "Wy hawwe ús juristen op 'e saak set en hawwe der hjoed oerlis oer mei de KNVB".

Moandei sei it fuotbalbûn noch dat as Willem II fallyt giet dat it dan nei alle gedachten giet tusken Go Ahead Eagles, Sparta en RKC Waalwijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)