SC Cambuur wol Hiariej hiere

16 jun 2009 - 10:09

Sportklup_Cambuur hat him by FC Grins meldt foar Tom_Hiariej. De Ljouwerters wolle de rjochtsback hiere om't Rudy_Jansen in pear moanne útskeakele is troch in ankelblessuere.

Oanfierder Jansen wurdt nei syn fakânsje opereard oan it ankel. De ferwachting is dat hy acht oant tolve wiken nedich hat om te revalidearjen. SC Cambuur en Grins hawwe in gearwurkingsferbân en yn it kader dêrfan soe Hiariej mooglik nei Ljouwert komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)