SC Cambuur wol Beekmans hâlde

17 mrt 2011 - 15:04

Sportklup Cambuur is yn petear mei Paul Beekmans oer in langer ferbliuw yn Ljouwert. It kontrakt fan de middenfjilder rint nei dit seizoen ôf, mar trainers Alfons Arts en Henk de Jong wolle him graach hâlde. Der soe ek ynteresse wêze fan de Spaanske klup Real Zaragoza foar Beekmans.

Charlton Athletic (Ingelân) soe Danny Guijt op it each hawwe. Dy hat lykwols noch neat konkreet heard fan syn saakwaarnimmer. It is wol in dream fan Guijt om ea yn Ingelân te spyljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)