SC Cambuur wis fan play-offs

17 apr 2009 - 22:46
  • Blidens nei de wedstriid

Sportklup_Cambuur is der foar it earst sûnt sân jier wer yn slagge om de neikompetysje te heljen. Troch in 2-1 oerwinning by MVV kin de ploech fan trainer Stanley Menzo net mear achterhelle wurde.

Yn de earste helte sette Ole Tobiasen MVV op foarsprong. Nei in heal oere krige MVV'er Robert van Boxel syn twadde giele kaart en Cambuur in penalty. Koen Brack skeat de bal binnen. Nei it skoft wie it spannend, mar Sandor van der Heide makke de 1-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)