SC Cambuur wint yn Nijlân

03 jul 2010 - 21:35

SC Cambuur hat sneontejûn syn twadde oefenwedstriid wûn. Tsjin in regioseleksje út Nijlân wie Cambuur mei 8-0 te sterk. By it skoft stiene de Ljouwerters mei 3-0 foar troch doelpunten fan Van der Heide, Turk en Maachi.

Yn de twadde helte skoarde Reza in hattrick en Jeffrey de Visscher twa kear. Takom moandei komt David Topolski meitrainen. De Poalske jeugdynternasjonal is in linkerferdigener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)