SC Cambuur wint spektakelstik

20 mrt 2011 - 16:31
  • Man of the match Mark de Vries

Cambuur hat snein mei 4-3 wûn fan de Go Ahead Eagles. Nei in fûleindich begjin wiene it de besikers dy't nei in kertier op 1-0 kamen. Dêrnei barde der fan alles. De ploech út Deventer kaam mei in man minder op 2-0 en Gijs Luirink skoarde krekt foar rêst de oanslutingstreffer.

Nei de rêst skoarden Alexander Prent en Mark de Vries, mar stie der út it neat 3-3 op it skoareboerd. Troch in goal fan De Vries klonk op 'e nij It Woanskip yn it Cambuurstadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)