SC Cambuur wint mei 4-0 fan Achilles '29

31 jul 2015 - 22:18
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de kompetysje mei 4-0 wûn fan Achilles '29 út Groesbeek. Etiënne Reijnen iepene de skoare yn de 31e minút út in foarset fan Rosheuvel. Reijnen stie ek oan de basis fan de 2-0. Mei in prachtige pass sette hy Van der Streek allinnich foar de keeper. Van der Streek faalde net: 2-0. Ogbeche makke yn de 70e minút de 3-0 mei in moai skot en Berisha sette op oanjaan fan Ogbeche de einstân fan 4-0 op it boerd. Cambuur iepenet de kompetysje nije wike mei in útwedstriid tsjin PEC Zwolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)