SC Cambuur wint fan Fortuna

01 mrt 2010 - 22:02
  • Sandor van der Heide makke de 2-0

SC Cambuur hat yn eigen hûs Fortuna Sittard mei 2-1 ferslein. Mark de Vries makke foar rêst de 1-0. Sandor van der Heide sette Cambuur yn de twadde helte op in 2-0 foarsprong. Nettsjinsteande dat Cambuur folle better wie, slagge it de Ljouwerters net fierder út te rinnen.

Krekt foar de ein die Fortuna noch wat werom. Ut in frije trap makke Verdonck de 2-1. Cambuur stiet no fjirde. De ploech hat twa wedstriden minder spile as koprinner De Graafschap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)