SC Cambuur wint fan FC Emmen

26 feb 2010 - 22:00

Sportklup_Cambuur hat de útwedstriid tsjin FC Emmen mei 4-2 wûn. Cambuur sette goed útein en stie nei in dik kertier al mei 2-0 foar. Michel Poldervaart skeat ûnder druk fan Danny Guijt yn eigen goal en Guijt makke sels de 0-2. Troch twa goals fan Hans Denissen kaam Emmen werom oant 2-2.

Yn in spannende twadde helte soarge ynfaller Kevin Diaz foar de 2-3 en makke Nassir Maachi yn de blessueretiid dien wurk: 2-4. Troch de winst klimt Cambuur nei it fjirde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)