SC Cambuur wint ek fan Telstar

30 nov 2012 - 23:10
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat foar de tredde kear op rige wûn. Yn eigen hûs waard Telstar mei 3-2 ferslein. Yn de earste helte sprong Cambuur effektyf mei de kânsen om. Adnane Tighadouini fierde syn jierdei mei twa goals, sadat Cambuur mei in 2-0 foarsprong it skoft yn gie.

Yn de twadde helte kaam Telstar werom troch in goal fan Shabir Isoufi. Cambuur rekke de kluts efkes kwyt, mar út in maklik jûne strafskop skeat Erik Bakker de 3-1 binnen. Oan de ein waard it noch spannend doe't Rhys Murphy 3-2 makke, mar fierder liet Cambuur it net komme.

Troch de oerwinning steane de Ljouwerters no op it fjirde plak yn de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)