SC Cambuur werom yn titelrace

08 apr 2013 - 21:53
  • Cambuur keeper Leonard Nienhuis
  • Erik Bakker yn duel

SC Cambuur hat de ynhelwedstriid tsjin FC Dordrecht mei 3-0 wûn. Martijn Barto sette Cambuur yn de útwedstriid yn de achtste minút op foarsprong. Echt dreech krige Cambuur it net tsjin de nûmer alve fan de Jupiler League. Sa no en dan wiene der aardige oanfallen fan de Ljouwerters op it minne fjild. Erik Bakker soarge op oanjaan fan Oebele Schokker yn de 62e minút foar de beslissing. Bakker makke yn de ekstra tiid fan alve meter ek de tredde goal. Cambuur hat no krekt as Sparta 49 punten út 26 wedstriden, goed foar it tredde en fjirde plak.

FC Volendam is de koprinner mei 51 út 26. Helmond Sport is de nûmer twa mei 51 út 27.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)