SC Cambuur tsjin Scheveningen

26 sep 2014 - 06:39
  • Cambuur-Twente

SC Cambuur spilet yn de tredde ronde fan de KNVB-beker in thúswedstryd tsjin de amateurs fan Scheveningen, in sneonstopklasser. Ofrûne woansdei wûnen de Ljouwerters mei 4-0 fan FC Den Bosch en kamen se in ronde fierder.

FC Grins spilet ek tsjin amateurs, mar dan út. De klup komt yn aksje tsjin Flevo Boys út Emmeloord. Sv Urk krijt Ajax op besite. De wedstriden wurde spile op tiisdei 28, woansdei 29 of tongersdei 30 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)