SC Cambuur treft PEC Zwolle yn kwartfinale beker

19 des 2014 - 00:35
  • Cambuur-Twente

Sportklup Cambuur treft yn de kwartfinale fan de KNVB-beker PEC Zwolle. Dat wie tongersdeitejûn de útkomst fan de lotting. Cambuur fersloech tiisdei yn Almelo Heracles mei 3-0, PEC Zwolle wie yn Venlo mei 1-0 te sterk foar VVV. Ferline jier wûn PEC Zwolle, de ploech fan trainer Ron Jans, de beker. No sneon spylje Cambuur en PEC Zwolle yn Ljouwert ek tsjininoar. Dat is de lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)