SC Cambuur spilet mei 2-2 lyk tsjin PEC Zwolle

12 aug 2015 - 21:43
  • Iepen dei Cambuur

SC Cambuur is de kompetysje woansdei begûn mei in lykspul tsjin PEC Zwolle. Yn de earste helte makke PEC Zwolle yn it eigen stadion binnen trije minuten twa goals. Marcellis skoarde yn de 31e minút, Becker yn de 33e. Yn de twadde helte skoarde Erik Bakker yn de 70e minút foar Cambuur. Sjoerd Overgoor makke dêrnei de 2-2. Cambuur wie noch wol in pear kear gefaarlik, mar it bleau by in lykspul. Der kamen hast 12.000 minsken nei de wedstriid yn it IJsseldelta Stadion yn Zwolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)