SC Cambuur spilet lyk tsjin AZ

17 okt 2015 - 21:48
  • De lykmakker fan Ogbeche
  • Bartholomew Ogbeche

Cambuur spile sneontejûn mei 1-1 lyk tsjin AZ. De Ljouwerters begûnen sterk oan de wedstriid mar AZ kaam yn de 26e minút op foarsprong troch in goal fan Vincent Janssen. Hy makke dêrby wol hands, mar skiedsrjochter Mulder seach it net.

Yn de twadde helte hie AZ de wedstriid beslisse kinnen mar it bleau 0-1 en doe pakte Cambuur it inisjatyf. Overgoor miste in grutte kâns mar yn de 73e minút skoarde Ogbeche út in korner fan dyselde Overgoor. Beide keepers wienen yn topfoarm. Yn de slotfaze krige Dammers fan Cambuur noch read (twa keer giel).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)