SC Cambuur spilet lyk tsjin Almere City FC

11 jul 2015 - 22:14
  • SC Cambuur

Cambuur hat yn Snits sneotentejûn mei 0-0 lyk spile tsjin Almere City FC. De Ljouwerters spilen benammen yn it earste healoere wol goed, mar de einpass wie te faak ûnsoarchfâldich. Mikhail Rosheuvel wie fan de rjochterkant de meast gefaarlike oanfaller oan Cambuur kant. Cambuur wiksele om it healoere massaal en dat kaam úteinliks it spul net ten goede. De Ljouwerters krigen yn de earste helte twa goeie mooglikheden, mar Steblecki en Almere spiler Brent rekken beide de latte út in foarset fan Rosheuvel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)