SC Cambuur set goed útein

10 aug 2007 - 22:01
  • Cambuur wûn mei 2-1 fan Dordrecht

SC Cambuur Ljouwert is it seizoen goed útein set. Yn eigen hûs waard freedtejûn mei 2-1 wûn fan Dordrecht.

Dordrecht kaam nei trettjin minuten op foarsprong troch Nassir Maachi. Adnan Barakat makke nei in heal oere spyljen út in moaie frije traap de 1-1. Pas yn de ekstra tiid foel de beslissing. Rick Hooyboer makke út in skitterende frije traap de winnende goal. Hy liet Dordrecht-keeper Sjoerd Rensen mei in keihurd skot kânsleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)