SC Cambuur seit kontrakten fan alve spilers op

24 mrt 2016 - 19:23
  • Blydskip by de spilers fan SC Cambuur nei de oerwinning tsjin NEC

SC Cambuur hat de kontrakten fan alve spilers opsein. It giet om André Krul, Marlon Pereira, Calvin Mac-Intosch, Furdjel Narsingh, Martijn Barto, Vytautas Andriuškevičius, Kai Heerings, Berend Schootstra, Mikhail Rosheuvel, Jergé Hoefdraad en Valmir Berisha.

It giet om in formele stap: de fuotbalclub is ferplichte om foar 1 april ôfrinnende kontrakten op te sizzen. It wol net sizze dat alle alve spilers takom seizoen echt fuortgean. Cambuur sil nei 1 april noch mei in oantal fan harren yn petear oer ferlinging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)