SC Cambuur rom foarby Berltsum

12 jul 2009 - 12:35
  • Trainer Stanley Menzo

Sportklup_Cambuur hat sneontejûn mei 12-1 wûn fan Berltsum. It wie foar de Ljouwerters de lêste oefenwedstriid tsjin in amateurferiening. De ploech fan trainer Stanley Menzo sil him de kommende tiid noch mjitte oan oare betelle fuotbalorganisaasjes.

Yn Berltsum kamen de goals op namme fan Rence van der Wal (3), Dave Huymans (3), Bob Schepers, Kevin Diaz, Oguzhan Turk, Ruud ter Heide, Nassir Maachi en Dennis van der Ree. Woansdei spilet Cambuur tsjin Hartlepool United.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)