SC Cambuur presintearret Jack Byrne fan Manchester City

30 jun 2015 - 11:44
  • It Ierske talint Jack Byrne makke it iennichste doelpunt foar Cambuur

Foar de tredde kear binnen in jier hiert SC Cambuur in spiler fan de Ingelske topklup Manchester City. It giet om de Ierske middenfjider Jack Byrne. It 19-jierrich talint kaam al foar syn heitelân yn aksje as jeugdynternasjonal. Hy spile it ôfrûne seizoen by de beloften fan Manchester City. Cambuur presintearre Byrne tiisdei grutsk yn it eigen stadion.

It ôfrûne seizoen begûn Cambuur it seizoen mei de ek fan City hierde Albert Rusnák. Dy waard healwei it seizoen troch de Ingelske klup ferkocht oan FC Grins.

Yn plak fan Rusnak kaam doe de Eastenriker Sinan Bytyqi. Dy spile acht wedstriden foar Cambuur en waard doe troch in swiere knibbelblessuere útskeakele. Technysk direkteur Henry van der Vegt is goed te sprekken oer de gearwurking mei Manchester City. "It is in goeie manier om ús seleksje te foarsjen fan spesifike kwaliteiten. City is tefreden oer de ûntwikkeling dy't de spilers by ús trochmeitsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)