SC Cambuur pakt punt mei 9 man

27 mrt 2009 - 23:26
  • Ruud ter Heide waard fan it fjild stjoerd

SC_Cambuur hat freed mei 1-1 lykspile tsjin Excelsior. In knap resultaat, om't de Ljouwerters 20 minuten lang mei 9 man spilen. Skiedsrjochter Wiedemeijer joech twa diskutabele reade kaarten oan Koen Brack en Ruud ter Heide.

Nei de reade kaart fan Brack krige Excelsior in penalty dy't skoard waard troch Rene van Dieren. Ek Cambuur krige in penalty dy't Paul Beekmans binnen skeat. Ter Heide krige dêrnei ek nochris ûnterjochte read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)