SC Cambuur pakt punt mei 2-2 lykspul tsjin FC Grins

08 nov 2015 - 16:18
  • Martijn Barto

SC Cambuur slagge der snein op 'e nij net yn de earste oerwinning te pakken. Tsjin FC Grins waard it 2-2. Yn eigen stadion hie Cambuur in poerbêste start. Martijn Barto krige it publyk al nei 9 minuten op 'e bank mei de 1-0. Binnen it kertier stie ek de 2-0 op it boerd, doe't Barto wer trefseker wie.

Nei rêst kaam Grins goed út de startblokken mei de 2-1. Barto makke fuort dêrnei de 3-1, mar syn goal waard ôfkard. Oan de oare kant wie it wol raak en kaam Grins op 2-2. Yn in spannende slotfaze sleepte Cambuur it sânde lykspul oer de streek.

Troch it lykspul hat de ploech fan trainer Henk de Jong no 7 punten út 12 wedstriden. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)