SC Cambuur op trainingskamp

07 jan 2010 - 10:46

Sportklup Cambuur sil ein dizze wike op trainingskamp nei it bûtenlân. De bestimming wurdt Gran Canaria, Turkije of Portugal. De foarkar fan de klup giet út nei de earste opsje.

De fjilden yn en om Ljouwert binne net bespylber en dus kin der net goed traind wurde. It trainingskamp wurdt mooglik makke troch sponsoren. Spilers hawwe by de nijjiersresepsje sa'n 18.000 euro ophelle. Wannear't Cambuur fuortgiet en weromkomt is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)