SC Cambuur op oarlochssterkte

25 sep 2012 - 12:13
  • Tim Bakens

Sportklup Cambuur spilet de bekerwedstriid tsjin de amateurs fan DESO yn de sterkste opstelling. Allinnich ferdediger Tim Bakens, dy't net hielendal fit is, krijt rêst. Foar him spilet Leon Broekhof. Fierder feroaret trainer Alfons Arts neat oan de basisopstelling fan de lêste wiken.

Wout Droste trainde tiisdei net mei, mar neffens Arts is hy fit genôch om te fuotbaljen. 'Onderschatting is het grootste gevaar, maar wij mogen ons niet laten verrassen', sei Arts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)