SC Cambuur mooglik punten kwyt

11 jan 2011 - 14:37

Sportklup Cambuur rekket mooglik trije punten kwyt. Neffens it fuotbalbûn KNVB hat de klup him net hâlden oan it eigen finansjele plan. Sa wie it ferlies oer it seizoen 2009-2010 grutter as yn de begrutting stie.

Cambuur is yn berop gien tsjin de mooglike straf. Kommende wike komt der in útspraak fan de KNVB. De Ljouwerters ha no 24 punten út 17 wedstriden. Mocht de klup trije punten kwyt reitsje, dan sakje se fan it 6e nei it 9e plak op de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)