SC Cambuur mist Van der Heide

11 des 2008 - 12:15

SC_Cambuur-trainer Stanley Menzo kin freed yn de wedstriid tsjin Veendam net beskikke oer Sandor_van_der_Heide. De middenfjilder hat de hiele wike net traind fanwege de gryp. Menzo wol noch net priis jaan wa't syn ferfanger is.

De meast foar de hân lizzende ferfangers binne Marc Mboua of Erik Wegh. Op de lêste training waard lykwols ek oefene mei Ruud Ter Heide en Mark de Vries tegearre yn de spits, mei fjouwer middenfjilders dêrachter. Menzo wol alle opsjes iepen litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)