SC Cambuur mei 4-1 ûnderút by Vitesse

30 aug 2015 - 16:21

SC Cambuur ferlear snein mei 4-1 fan Vitesse. Al nei 2 minuten stie de 1-0 op it boerd, doe't Baker in strafskop fersulvere nei in flater yn de Ljouwerter ferdigening. Stadichoan krige Cambuur lykwols mear grip op de wedstriid, wat resultearre yn de 1-1 fan Sander van der Streek. Vitesse profitearre rap dêrnei op 'e nij fan in flater fan keeper Nienhuis en kaam sa op 2-1.

Nei rêst fersomme Baker de wedstriid yn it slot te smiten, doe't er syn twadde penalty miste. Oanfierder Kashia makke wol dien wurk mei de 3-1. Solanke tekene foar de 4-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)