SC Cambuur lûkt Prent oan

15 feb 2011 - 13:37

SC Cambuur hat per direkt Alexander Prent oanlutsen. De oanfaller (27) siet sûnder klup en trainde de ôfrûne wike al mei. Prent makket it seizoen ôf by Cambuur en krijt de kâns om in kontrakt foar takom jier te fertsjinjen. Hy spile earder foar NEC, Top Oss en Halmstads BK. Hy kaam ta 85 wedstriden en skoarde dêryn sân kear. Nei it fuortgean fan Maachi hie Cambuur ferlet fan in ekstra oanfaller.

Cambuur sil net fierder mei Diangi Matusiwa, dy't ek op proef wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)