SC Cambuur live op tillevyzje

14 maaie 2009 - 15:50

Omrop Fryslân tillevyzje stjoert beide neikompetysjewedstriden fan SC_Cambuur tsjin FC Zwolle rjochtstreeks út. Takom tiisdei, 19 maaie, spylje de Ljouwerters earst yn Zwolle en freed 22 maaie is de thúswedstriid.

Beide wedstriden begjinne om 20.00 oere en foarôfgeand wurdt der koart foarútsjoen op de wedstriden. SC Cambuur en Zwolle spylje beide foar promoasje nei de earedivyzje. De winner fan 'e twastriid spilet tsjin Roda JC, FC Dordrecht of Top Oss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)