SC Cambuur lit twa punten lizze tsjin ADO Den Haag

25 okt 2015 - 14:59
  • SC Cambuur

Cambuur lit twa punten lizze yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag. It waard 1-1. Yn de earste helte brochten de Ljouwters te min yn oanfallend opsicht. Ogbeche rekke blessearre en waard yn de 36e minút wiksele. De earste oanfal fan Den Haag yn 'e twadde helte smiet fuortendaliks in doelpunt op. Mar Furdjel Narsingh makke yn 'e 52e minút de lykmakker. Dat brocht de spanning werom yn de wedstriid. Cambuur krige ferskate kânsen, mar koe dy net fersulverje.

Cambuur bliuwt dêrtroch noch altyd sûnder oerwinning dit seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)